Skipfeartmuseum sil ferbouwe

24 aug 2007 - 09:51

It skipfeartmuseum yn Snits wol takom jier oan 'e ein fan de simmer begjinne mei in grutte ferbouwing. It fernijde museum moat in spesjale berneseal krije, in lêsseal foar ûndersyk en der komt in lift yn. Om de tagonklikheid te ferbeterjen sil der ek in rinbrêge tusken de ferskate sealen boud wurde.

Foar de ferbouwing is goed 2 miljoen euro nedich. Dat jild hopet it museum te krijen fan de gemeente Snits, de provinsje en partikulieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)