Skipfeart Lemmer-Delfsyl no wer mooglik

09 nov 2014 - 08:39
  • De Borgbrêge yn Grins doe't der noch oan wurke waard

Skippen yn Noard-Nederlân kinne wer oer it Eemskanaal farre om yn De Lemmer of Delfsyl te kommen. It beweechbere part fan de Borgbrug yn Grins is sneontenacht fuorthelle. Dêrmei is de trochgong wer frij foar de skipfeart. Woansdei farde in binnenfeartskip tsjin de brêge oan, wêrtroch't it beweechbere part fan de brêge ûntset waard. De brêge koe net mear goed ticht.

Rykswettersteat hat it beweechbere part fuorttakele. It hat safolle skea dat it noch wol moannen duorret foardat it makke is. Auto's, fytsers en kuierders wurde yn dy tiid omlaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)