Skip yn swier waar op Iselmar

21 des 2003 - 00:00

Troch de swiere stoarm is yn de nacht fan sneon op snein op de Iselmar in skip yn de problemen rekke. It giet om it binnenfeartskip Renjo. Tusken Urk en De Lemmer makke it skip wetter.

Rêdingsbrigades fan Urk en De Lemmer ha de boat nei Lemmer sleept. De minsken oan board, in gesin mei twa bern, koene oerstappe op in oare boat. It skip hie in lading sâlt oan board.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)