Skip yn problemen by Skylge

15 mrt 2009 - 13:42
  • De coaster by Harns (foto: S. van der Weide)

Trije rêdingsboaten en in helikopter fan de Marine moasten in pear oeren lyn útrukke omdat der in Nederlânske coaster alve kilometer boppe Skylge yn de problemen rekke op de Noardsee. It skip, dat 88 meter lang is, drige om te slaan omdat de lading ferskood wie.

Dat barde úteinlik net. De coaster is op it stuit tusken Skylge en Flylân troch nei de haven fan Harns brocht. It skip wie ûnderweis nei Kiel yn Dútslân. Der wiene fiif bemanningsleden oan board.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)