Skip yn problemen by Skier

19 maaie 2007 - 11:58

Op de Noardsee boppe Skiermûntseach is freedtemiddei in jacht yn problemen kommen.

De moter fan it jacht wie stikken gongen en dêrom hat de bemanning fia de Kustwacht help ynroppen. Dernei is de rêdingsboat Kening Willem I fan Skiermuntseach yn aksje kommen. De rêdingsboat hat it jacht op sleeptou nommen en nei de haven fan Lauwerseach brocht. Der wiene twa minsken oan board fan it jacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)