Skip yn problemen op Waadsee

13 okt 2013 - 16:33
  • Rêdingsboat KNRM

In platboaiem mei tsien gasten is sneintemoarn op de Waadsee yn de problemen rekke. Stasjon Flylân fan de KNRM is ynskeakele om it kajútjacht Brave Hendrik út Ljouwert te helpen. It skip wie flakby Flylân en dêr stie in súdeastewyn mei krêft 8. De weagen kamen sa wol oardelmeter heech. It anker fan it skip rekke los en doe rekke it oan leger wâl. Twa rêdingboaten lutsen de platboaiem los en sleepten it skip nei djipper wetter. Dêrnei koe de Brave Hendrik sels wer fierder farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)