Skip yn problemen op it Waad

09 aug 2013 - 12:10

It sjarterskip Alexandra is freedtemoarn op it Waad by Koarnwertersân yn de problemen rekke. In frou oan board fan it skip is ferwûne rekke oan de holle en de Alexandra makke ek wetter. Hoe't dat allegear koe, is noch ûndúdlik. Ferskate helptsjinsten binne ynset, ûnder oare de rêdingsboaten fan Harns en Skylge. De SAR-hely hat medyske help oan board brocht en der binne ek pompen hinne brocht.

It lek is tichtmakke en it slachtoffer is oan har ferwûnings behannele. In rêdingsboat hat it skip nei Harns sleept.

De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)