Skip yn brân op De Lemmer: soad reek

24 jul 2015 - 17:46

Yn de jachthaven op De Lemmer is freed in skip útbaarnd. Doe't de brânwacht kaam, stie it jacht al hielendal yn brân. De brânwacht hat it fjoer kontroleard útbaarne litten. Der wienen gjin minsken oan board op it momint dat de brân útbruts.

Oer de oarsaak is noch neat bekend. De brân soarge wol foar in soad reek. Dat wie yn de omjouwing goed te sjen. De brânwacht hat oaljeskermen pleatst om foar te kommen dat it wetter fersmoarge rekket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)