Skip wurdt nei Harns sleept

15 des 2010 - 20:49

De HA38, it skip dat tiisdei by Skylge fergien is, wurdt woansdeitenacht nei de yndustryhaven fan Harns sleept. De skelpesûger leit op dit stuit op sânplaat De Richel yn de Waadsee.

Bergingsynstrukteurs hawwe woansdeitemiddei besjoen hoe't it skip ferfierd wurde moat. In sleper sil it skip yn kantele tastân nei Harns slepe. De ferwachting is dat it dêr tongersdeitemoarn om 4.00 oere hinne oankomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)