Skip ramt brêge by Strobos

01 mrt 2008 - 08:48
  • De brêge by Strobos
  • It giet om dit binnenfeartskip

In binnenfeartskip is tsjin de brêge oer it PM-kanaal by Strobos fearn. De stjoerhut waard dêrby fan it skip slein. Twa opfarrenden rekken licht ferwûne.

It skip soe ûnder de brêge troch farre, mar dat paste net. De brêge skode hielendal oer it dek hinne en fage de stjoerhut fuort. De brêge wie in skoft ticht foar alle ferkear. De skea oan de brêge wurdt letter sneon hersteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)