Skip op Eems flotlutsen

20 okt 2005 - 16:35

Op de Eems yn Dútslân ha bergingswurkers tongersdei in skipswrak flotlutsen. It frachtskip mei grind sonk ôfrûne sneon en sûnt dy tiid koe der gjin skip mear del. Dat is lestich foar it skipfeartferkear yn it Noarden. Der wie twa kear earder besocht it wrak derwei te krijen, mar dat mislearre.

It skip is wol flotlutsen, mar it is der noch net wei. De ferwachting is dat it skipfeartferkear der net earder as sneon wer del kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)