Skip lang om let yn wetter

31 aug 2013 - 10:24
  • Papieren skip te wetter

De tewetterlitting fan it papier-masjee-skip fan keunstner Marten Winters is sneon lang om let slagge. Om healwei ienen lei it yn it wetter. De fertraging kaam om't it skip te swier wie. De kraan koe it skip net tille. It skip hat lang op de kant lein, neidat it by de earste proeffeart yn de stedsgrêften fan Ljouwert hast sonk. Winters hat it skip Het Schip De Lading twa jier lyn mei hûnderten frijwilligers boud as keunstprojekt foar de gemeente Ljouwert. Om't de konstruksje net sterk genôch wie, is it skip de ôfrûne twa jier ûnder hannen naam.

Winters wol dizze wike mei it skip nei Flylân farre foar it festival Into The Great Wide Open.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)