Skip klem ûnder brêge

11 des 2011 - 13:18

In kontenerskip is sneintemiddei fêst kaam te sitten ûnder de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum. De lading konteners wie te heech. De klap wie yn Burgum goed te hearren. Sa goed as alle konteners wiene leech.

It skip de Fides wie ûnderweis fan De Lemmer nei Grins en koe oan Burgum ta ûnder de brêgen troch. Nei alle gedachten hat it wetter dêr heger stien, dat sadwaande kaam it skip mei de konteners fêst te sitten ûnder de Burgumerdaam. It skip is jûns loshelle. De brêge koe noch gewoan brûkt wurde troch autoferkear en de skipfeart, al hie it ferkear betiden wol lêst fan it wurk oan it skip en de brêge. Tsjin healwei sânen wie it skip wer los. Mooglik hat de hege wetterstân wat te krijen mei it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)