Skip JR Shipping fallyt

17 jan 2012 - 10:56

Rederijgroep JR Shipping út Harns hat foar ien fan de 25 skippen út har float it fallisemint oanfrege. It giet om de ms Elusive, in kontenerfeeder mei plak foar 600 konteners. It skip draaide de lêste jierren mei ferlies troch de minne ekonomyske omstannichheden. Yn desimber ferline jier kaam der noch by dat it skip swiere skea oprûn yn in stoarm doe't it ûnderweis wie fan Göteborg nei Rotterdam.

Neffens it Harnzer bedriuw koe opknappen fan it skip finansjeel net út.

JR Shipping hat probearre om yn goed oerlis mei jildsjitter Rabo Shipping ta in oplossing te kommen, mar dat is net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)