Skinking C&A foar teater Snits

25 maaie 2009 - 14:05

It nije teater yn Snits krijt in foarse skinking fan grutwinkelbedriuw C & A. Om hoefolle jild it krekt giet wolle it bedriuw en de gemeente Snits noch net sizze.

C & A hat histoaryske bannen mei Snits: yn dizze stêd binne de fan oarsprong Dútse tekstylkeaplju mei harren winkel begûn. Letter dizze wike wurdt ek bekend hoe't de gemeente Snits 'uiting zal geven' oan har tankbererns en wurdearring foar dizze jefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)