'Skimmer' oppakt

13 nov 2009 - 20:15

De plysje hat in Roemeen (27) oanhâlden dy't fertocht wurdt fan it skimmen fan bankpassen yn Ljouwert. De man waard yn july al op 'e die betrape doe't er itselde die yn IJmuiden. Mei help fan DNA-ûndersyk hat no bliken dien dat er ek yn Ljouwert aktyf west hat.

By it skimmen fan bankpassen wurde de passen kopieert om letter jild fan de rekken helje te kinnen. Sa rekken sân minsken jild kwyt neidat harren bankpas skimt wie by in tankstasjon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)