Skimerlampe op finale Liet

18 mrt 2012 - 12:49

De sjuery fan Liet 2012 hat sneon op de drokke twadde heale finale yn Ljouwert trije bands selektearre foar de finale fan it sjongfestival. It giet om de folgjende bands: Klif mei As de leafde winkt, Sake mei Skimerlampe en Frjemdling mei Rûzige fierten. Oan de heale finale yn poppoadium Asteriks diene njoggen formaasjes en solisten mei yn tige útienrinnende muzykstilen.

Sa naam de Ljouwerter muzikant Sake sels in skimerlampe mei op it poadium, dy't as bas fungearre. De sjuery sil begjin nije wike nochris fjouwer finalisten bekend meitsje.

Sjuery, publyk en organisaasje wiene goed te sprekken oer it entûsjasme en it ferskaat fan de njoggen dielnimmers. De dielnimmers waarden beoardiele troch in sjuery ûnder foarsitterskip fan de Ljouwerter saksofoanspiler Anne Zwaga. De oare sjueryleden yn Asteriks wiene LC-sjoernaliste Jantien de Boer, Sjouke Nauta fan Friesland Pop en muzykdosint Hijlco van der Zwaag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)