Skilders wolle ôf fan winter-WW

27 jun 2006 - 10:38

De skildersektor wol it probleem oanpakke dat skilders winterdeis yn de WW bedarje omdat der dan te min wurk is. Dat makket it berop minder oantreklik. In soad opdrachtjouwers witte net dat der tsjintwurdich ek goed winterdeis skildere wurde kin.

Ien en oar waard moandei dúdlik by in wurkbesite fan minister De Geus fan Wurkgelegenheid. Hy liet him ynformearje oer ferskate problemen fan de skilderbransj.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)