'Skilders' Ljussens oppakt

05 jan 2008 - 08:25

Yn Ljussens en Mitselwier binne fiif manlju oanhâlden omdat se in hûs yn Ljussens mei blauwe ferve besmoarge hiene. Se wiene lulk op de bewenner, omdat dy neffens har by de plysje klage hie oer it sjitten mei karbid.Dat gebeurde mei in weintsje mei fiif pipen. De plysje hie dat al yn beslach naam.

De fiif ha bekend dat sij it hûs ûnder de ferve set ha. Se sille de skea fergoedzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)