Skilders beskermje tsjin kjeld

15 feb 2006 - 09:02

Skilders dy't op't stuit bûten oan it wurk binne, moatte troch har wurkjouwer better befeilige wurde tsjin de kjeld. Dat fynt it fakbûn FNV. Foaral de skilders dy't op hichte oan't skilderjen binne, hawwe lêst fan de winterske temperatueren.

FNV Bou ropt de skildersbedriuwen op om har skilders yn de simmermoannen mear oeren yn te setten. Dy ekstra oeren soene se dan yn de winter minder wurkje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)