Skilderijen yn bosk Oranjewâld

30 des 2013 - 10:45
  • Oranjewâld

Yn Oranjewâld hat de plysje sneintemiddei in 28-jierrige frou oanhâlden dy't mei skilderijen by de doarren delgie yn Aldskoat. Kuierders fûnen moarns yn de bosk by Oranjewâld skilderijen. Letter kaam de melding binnen dat in frou by de doarren delgie mei skilderijen. Se sei tsjin de plysje dat it guod yn 'e bosk fan har wie. Om't se har net identifisearje koe, is se meinaam nei it buro.

Ut ûndersyk fan de frjemdlingeplysje die bliken dat se út Israël komt en foar ynspiraasje sa no en dan yn 'e bosken skilderet. De frou is wer frij litten.

De plysje ûndersiket no oft de 28-jierrige frou de goede papieren hat om yn Nederlân te bliuwen of dat se werom moat nei Israël. Earder waard tocht dat it om stellen doeken gean soe, mar de frou hat it wurk sels makke. De plysje naam de situaasje hiel serieus op. Neffens plysjewurdfierder Anne van der Meer hat dat ek te krijen mei de fynst fan it rôvershol ôfrûne wykein yn Súdlaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)