Skilderij Wiersma nei museum

12 sep 2008 - 14:35

It Frysk_Lânboumuseum yn Earnewâld hat troch in skinking it skilderij 'De Aardappelrooier' fan Ids_Wiersma yn besit krigen. It skilderij fan tachtich sintimeter by in meter komt út de neilittenskip fan in famylje fan heareboeren út it noardeasten fan Fryslân. Dizze famylje wie persoanlik befreone mei Wiersma, dy't ek noch in tal tekeningen en portretten foar har makke.

Ids Wiersma is berne yn 1878 yn Brantgum en ferstoar yn 1965.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)