Skilderij topbolle foar museum

11 maaie 2013 - 12:07
  • Frysk Lânboumuseum

It Lânboumuseum yn Earnewâld hat in skilderij krige fan de ferneamde bolle Anna's Adema fan Hatzum. It bist is al yn 1959 deagien, mar syn skilderij hong noch hieltyd op 'e pleats fan de famylje Dykstra op Hatzum. De bern wenje yn Kanada en se hawwe it skilderij fan de Ljouwerter skilder Van der Vegt skonken oan it museum.

Museumdirekteur Henk Dijkstra is der wiis mei. It museum beskikt ek oer in skilderij fan de pake fan Anna's Adema en in opsette kop fan syn oerpake, dy't yn 1943 slachte waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)