Skilderij Huisman út Spanje

24 feb 2011 - 10:44

In bysûnder skilderij fan Jopie Huisman is opdûkt yn Spanje. It giet om De Kermisgangers dat de skilder yn 1964 makke hat. It is kocht troch in frou dy't no yn Benidorm wennet. It skilderij komt te hingjen op de tentoanstelling 'De andere kant van Jopie Huisman' dy't fan april oant novimber hâlden wurde sil yn Warkum.

De organisaasje fan de útstalling wol besykje al Huisman syn wurk yn kaart te bringen. Dat is oant no ta noch net bard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)