Skildere portretten fan skûtsjeskippers yn Skipfeartmuseum

04 maaie 2015 - 11:03
  • Anne Tsjerkstra
  • Skûtsjeportretten

Goed 80 skûtsjeskippers fan it fleugelklassemint fan de SKS binne de ôfrûne acht jier skildere troch âld-skipper en skilder Anne Tjerkstra. De skippers binne fêstlein op in seildoek fan 9 by 4,5 meter, dat op 29 maaie yn it Skipfeartmuseum yn Snits presintearre wurde sil.

It fleugelklassemint wurdt foarme troch de skippers dy't in earste, twadde of tredde plak helle ha. Se krije dêrfoar trije, twa of ien punt en sa ûntstiet in klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)