Skilder Abe Gerlsma ferstoarn

20 mrt 2012 - 15:16
  • In trijedûble tentoanstelling oer Abe Gerlsma

De Fryske skilder Abe Gerlsma is moandei yn syn wenplak Frjentsjer ferstoarn. Gerlsma lei him foaral ta op it skilderjen fan it Fryske lânskip, wêrby't er gebrûk makke fan spesjale ljochtynfallen. Yn syn begjinjierren skildere er dekôrstikken foar Tetman de Vries.

Neist syn skilderwurk wie Gerlsma útfiner fan ferskate lânboumasines dy't oant de dei fan hjoed noch brûkt wurde yn de jerappeltylt. Abe Gerlsma is 93 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)