Skiermûntseach ropt Keamer op gaswinning Waad tsjin te gean

17 sep 2015 - 13:42
  • Boarplatfoarm yn de Noardsee

Der moat net nei gas boarre wurde yn de buert fan Skiermûntseach. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders fan it eilân yn in brief oan in tal Twadde Keamerleden. Se pleitsje derfoar dat by in nije moasje oer gaswinning by Skylge ek oan Skiermûntseach tocht wurdt.

Der binne plannen foar in proefboarring nei gas op sa'n fiif kilometer út de kust fan it eilân. De gemeente is dêr op tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)