Skiermûntseach krijt wisenten

14 feb 2014 - 10:58

Der is grien ljocht foar de yntroduksje fan fjouwer bistesoarten op Skiermûntseach. It giet om kij, wisenten, hynders en kninen. By de lêste soart giet it om in weryntroduksje, want de kninen binne dêr no sa goed as útstoarn. Der is ûndersocht of it útsetten fan kninen doel hat en dat liket sa te wêzen.

Oer de komst fan kij, wisenten en hynders is it oerlisorgaan Nasjonaal Park Skiermûntseach it tongersdei iens wurden. Behearder Natuurmonumenten ferwachtet dat de wisenten ek toeristen lûke sille.

De bisten moatte mei-inoar de rûchte op it eilân bestride. Dat bart no al 15 jier lang mei skiep, mar dy frette eins tefolle op, ynklusyf de blommen. De earste wisenten wurde yn de maitiid fan 2015 ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)