Skiermûntseach as foarbyld

28 aug 2012 - 13:53
  • De boat nei Skiermûntseach

De oplossings fan Skiermûntseach tsjin de befolkingskrimp en de fergrizing kinne ek nijsgjirrich wêze foar oare Waadeilannen. Dat tinkt wethâlder Louis Wiersema fan it eilân.

Twa jier ferlyn hat de gemeente de earste plannen betocht om de ôfname fan de befolking tsjin te gean. Om dêr wat oan te dwaan is dreger as tocht, sa docht bliken. Skiermûntseach wurket oan in proefprojekt yn gearwurking mei it ryk en mei de provinsje. Doel is om ûnder oare de negative byldfoarming oan te passen oer de lange reisôfstân nei it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)