Skiermûntseach ferkeapet sloep

04 aug 2009 - 13:25

Skiermûntseach docht net wer mei oan roeiwedstriden lykas de HT-race. Sloep De Herkenning wurdt ferkocht, om't der te min minsken binne dy't meiroeie wolle. In needoprop smiet earder dit jier noch 17 roeiers op, mar úteinlik bleaune dêr te min fan oer.

De Herkenning waard 9 jier lyn kocht fan de seefeartskoalle fan Skylge. Dêrnei waard in pear kear meidien oan de HT-race. De sloep wurdt mooglik ferkocht oan de stichting 'promoasje haven Lauwerseach'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)