Skiermûntseach de alderearste

22 jan 2003 - 00:00

Skiermûntseach hie woansdeitejûn as alderearste gemeente in útslach. 736 eilanners brochten in stim út, in opkomst fan 91,3 persint. Op Skiermûntseach kinne se hurd, omdat it eilân mar ien doarp en ien stimburo hat. By de ferkiezings fan maaie 2002 wie Skier ek al de earste.

De PvdA is op Skiermûntseach no fierwei de grutste partij mei 32,8 % fan 'e stimmen, in winst fan wol 13,6 persint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)