Skiermûntseach: 35 seehûnen dea

23 sep 2002 - 00:00

Op it Noardseestrân fan Skiermûntseach binne moandeitemoarn 35 deade seehûnen oanspield. Dêrmei is it tal deadlike slachtoffers op it Waadeilân yn in goed wike tiid oprûn ta oer de hûndert. Dat der safolle oanspiele, komt troch de noardeastlike wyn.

In pear kadavers wiene 'farsk', mar de measten binne al langer dea. De bisten hawwe it distemperfirus ûnder de lea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)