Skiere guozzen mooglik fergast

19 jun 2009 - 12:52
  • Provinsje wol tal skiere guozzen werombringe

It tal skiere guozzen simmerdeis yn de provinsje moat mei seker 7700 fûgels werombrocht wurde om de oprinnende skea foar de lânbou te bestriden.

Ien fan de metoaden is it fergassen fan guozzen. Dat stiet yn in konsept-beliedsnotysje fan de provinsje dy't mei alle belanghawwende organisaasjes bepraat wurdt. Oare metoaden binne it sjitten op guozzen of foksen minder bestride yn gebieten dêr't skiere guozzen briede. De skea yn 2008 troch guozzen is rûsd op goed 200.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)