Skierder bad bliuwt ticht

14 feb 2001 - 11:28

It iepenloftswimbad op Skiermûntseach is it kommend seizoen net iepen. Dat besleat de gemeenteried moandeitejûn. It achterstallige ûnderhâld freget om in flinke ynvestearring.

De jeugd kin foarearst telâne yn it bad fan in appartemintekompleks op it eilân. In oare mooglikheid foar de swimles is it bad yn Dokkum. Op Skiermûntseach wurdt in nij swimbad boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)