Skier yn oerlis mei muontsen

29 jan 2014 - 11:13
  • Abdij Sion yn Diepenveen wurdt de skiere muontsen te grut

De boargemaster fan Skiermûntseach hat woansdeitemoarn in delegaasje fan trappistekleaster Sion yn Diepenveen ûntfongen. De muontsen tinke der oer nei om te ferhúzjen fan Diepenveen yn Oerisel nei Skiermûntseach. De hjoeddeiske abdij yn Oerisel fan 1883 is fierstente grut wurden foar de tsien muontsen dy't der noch oer binne. De muontsen wolle graach ferhúzje nei in lytsskalige lokaasje.

Fanwege de histoaryske bannen mei it eilân is harren each op Skiermûntseach fallen. Njonken Skier wurde der lykwols ek oare mooglike lokaasjes ûndersocht.

De muontsen binne klaaid yn in skiere pij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)