Skier wol leechstân oanpakke

25 sep 2014 - 19:57
  • Hús te keap

De gemeente Skiermûntseach hâldt takom moanne in diskusjejûn mei de bewenners fan it eilân oer hoe't de leechstân op Skier oanpakt wurde kin. It eilân hat te krijen mei hieltyd mear leechstân, omdat de huzeprizen te heech binne. Starters en gesinnen kinne dat net betelje.

Neffens de gemeente komt dit ek om't de WOZ-wearde fan wenten op Skier frij heech is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)