Skier wol dat Twadde Keamer ek tsjin gaswinning dêr stimt

27 okt 2015 - 22:10
  • Skiermûntseach

De gemeente Skiermûntseach fynt it spitich dat in mearderheid fan de Twadde Keamer tiisdei mei in moasje allinnich oanjûn hat tsjin gaswinning by Skylge te wêzen. By Skiermûntseach driget ek gaswinning. Sa leit der in ûntwerpbeslút om in proefboarring te dwaan op in pear kilometers boppe it eilân.

It gemeentebestjoer hopet dat de Skylger moasje it begjin is fan mear inisjativen fan de keamer om it Waadgebiet te beskermjen tsjin fierdere 'mynbou-aktiviteiten'. Dêr gasboarrings offisjeel ûnder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)