Skier wer de alderearste

11 mrt 2003 - 00:00

Skiermûntseach wie tiisdeitejûn wer as alderearste klear mei it tellen fan 'e stimmen. Al om ien minút oer njoggenen rôle de útslach út de iennichste stimkompjûter. It CDA krige op Skiermûntseach de measte stimmen mei 30,6 % fan 'e stimmen. De VVD, fjouwer jier lyn noch de grutste partij, bleau diskear stykjen op 20,7 %.

De opkomst op Skiermûntseach wie mei 66,8 % noch knap, mar wol leger as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)