Skier telt stimmen twa kear

02 mrt 2011 - 22:06

Op Skiermûntseach binne de stimmen twa kear teld. De earste telling kaam net hielendal goed út. Skiermûntseach giet altyd mei Flylân de striid oan om as earste yn Nederlân mei de útslach te kommen. Dizze kear hat Flylân dy striid wûn.

De útslach fan Skiermûntseach is no ek krekt binnen. De opkomst wie dêr 70,4%. Op Skier bliuwt de PvdA de grutste mei 21,4% fan de stimmen, 5,3% minder as yn 2007.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)