Skier past pasjinteferfier oan

05 des 2013 - 11:41
  • De boat nei Skiermûntseach

Op Skiermûntseach is yn ferbân mei de stoarm in needmaatregel ynsteld foar it pasjinteferfier. Gewoanwei wurde minsken mei bygelyks in hertoanfal mei de helikopter nei it sikehûs yn Ljouwert of Grins brocht. Troch de hurde wyn kin de helikopter lykwols net fleane.

Tongersdeitemiddei en -nacht sil de KNRM-post op de pier dêrom kontinu beset wêze. Pasjinten wurde dan mei reddingsboat Koning Willem 1 nei de fêste wâl brocht. Probleem is wol dat de pier fan Skiermûntseach by stoarmwaar in meter ûnder wetter komt te stean.

Op 5 desimber is op Skiermuntseach it tradisjonele eilanner sinteklaasfeest 'Klozun'. Eilanners dy't op de fêste wâl wurkje of wenje en by it feest wêze wolle, moatte folle earder as oars op de boat. Nei healwei fjouweren fart der gjin boat mear nei it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)