Skier nimt gebou tsjerke oer

22 des 2005 - 05:34

De gemeente Skiermûntseach nimt nei alle gedachten in gebou fan de Samen-op-Weg-tsjerke oer. It giet om de Kittiwake, in gebou dat brûkt wurdt foar berne-aktiviteiten en simmerdeis foar de speel-o-theek. De stifting Welzijn Skiermûntseach organisearret dy aktiviteiten. De tsjerke wol graach dat dat yn de takomst mooglik bliuwt.

De gemeente soe foar de Kittiwake 225.500 euro betelje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)