Skier krijt nije hierhûzen

18 apr 2008 - 08:08

Oan de Oosterreeweg op Skiermuontseach komt in nijbouwyk mei tritich hierhûzen. De hûzen komme der op inisjatyf fan wenningkorporaasje WoonFriesland en de gemeente.

De plannen foar de wyk binne tongersdei foarlein oan de bewenners. Dy binne der entûsjast oer, benammen omdat der sûnt 1994 gjin nije hierhûzen op it eilân boud binne. De tritich hûzen binne bedoeld foar húshâldings en senioaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)