Skier kriget strânrolstoel

05 maaie 2001 - 00:00

Skiermûntseach kriget in spesjale strânrolstoel. Neffens B en W is der ferlet fan sa'n rolstoel. Handikapten kinne no mar min op it strân komme.

De spesjale strânrolstoel hat ekstra brede bannen en kin sa maklik oer it sân ride. It Amelân, Skylge en Tessel hawwe al in strânrolstoel. De ûnderfinings binne posityf. De kosten wurde rûsd op 45.000 gûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)