Skier keapet oargel on-line

13 mrt 2009 - 12:43

Skiermûntseach hat in hûnderten jierren âld Frysk oargel krigen op Marktplaats. It tsjerke-oargel is nei 125 jier wer werom yn it heitelân. It oargel is yn 1646 boud yn Aldtsjerk.

Yn 1885 ferhuze it nei Loosdrecht, en no stiet it ynstrumint op Skiermûntseach. It wie noch in hiele toer om it hûnderten jierren âlde oargel út de tsjerke yn Loosdrecht nei Skiermûntseach te ferfieren. It Culturele Ontmoetingscentrum fan Skiermûntseach is de nije eigner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)