Skier hat in webside

25 des 2001 - 00:00

De gemeente Skiermûntseach hat in eigen webside. Dêrmei is Skier ien fan de lêste Fryske gemeenten dy't aktyf wurde op ynternet. De webside rjochtet him op twa wichtige groepen: de eigen bewenners en de toeristen. Op de side is fan alles te lêzen oer bygelyks rekreaasjemooglikheden.

Bewenners kinne ynformaasje fine oer it bestjoer, foarsjenningen en ferienings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)