Skier hâldt fêst oan betinking

02 maaie 2013 - 13:59

It is ûnbegryplik dat der dit jier wer diskusje is oer de deadebetinking. Dat fynt Wiep Jan Groendijk fan it komitee 4 maaie op Skiermûntseach. Hy regearret op in oprop fan it nasjonaal komitee 4 en 5 maaie, dy't fynt dat allinnich Nederlânske slachtoffers fan de oarloch betocht wurde moatte.

Op Skiermuntseach binne al jierren twa betinkingen, earst by de tsjerke foar de Nederlânske oarlochsslachtoffers, letter op Vredenhof ek foar bygelyks Dútske slachtoffers. De betinking op Vredenhof lûkt suver mear minsken as dy by de tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)