Skier: Fryslân of Grinslân?

08 feb 2002 - 00:00

Skiermûntseagers moatte harren yn in referindum oer de takomst útsprekke, seit deputearre Bleker fan 'e provinsje Grinslân. De eilanners sels lykje neat te fielen foar in referindum en in yndieling by Grinslân.

It eilân skoot linkelytsen nei it easten ta op. De úterste punt leit no al yn 'e provinsje Grinslân. By rampen is it ûndúdlik wa't ferantwurdlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)