Skier freget om rampeplan

24 apr 2001 - 00:00

In rampeplan foar it Waadgebiet is tige needsaaklik. It Oerlisorgaan Nasjonaal Park Skiermûntseach konkludearre dat moandeitejûn op syn gearkomste.

De eilanners binne benaud foar bygelyks in oaljeramp. De organisaasje freget it regear yn in brief omtinken foar harren noed. Sa soene konkrete tasizzings foar foarsjennings lykas oaljeskermen al in stap yn 'e goede rjochting wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)