Skier bêste bûtendoar-sportplak

09 feb 2006 - 21:54

Skiermûntseach is it bêste plak om bûtendoar te sporten. Dat fynt bûtensportblêd Op Pad fan 'e ANWB. It eilân is neffens de redaksje in lustoarde foar kuierders, fytsers, kitesurfers en mountain-bikers. Dy lêste twa groepen kinne har útleve op it brêde strân fan it eilân.

Op it twadde plak einige Súd-Tessel. Natuergebiet De Weerribben waard tredde. Dêr wurdearje sporters benammen de nije skaterûtes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)