Skier: alle trije oeren boat

19 maaie 2010 - 07:06

De gemeenterie fan Skiermûntseach hâldt fêst oan de winsk dat de boat nei it eilân alle trije oeren fart. Rederij Wagenborg kaam earder mei dat plan fanwege de ynfiering fan elektromotoaren. Dy hawwe trije oeren nedich om op te laden. De gemeenterie wie wiis mei it plan omdat de boat dan faker nei it eilân fart.

Omdat de ynfiering fan de elektromotoaren foarearst net trochgiet, sjocht Wagenborg no ek ôf fan de nije tsjinstregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)